Op 'e nij steuring mei spoarbrêge Ljouwert

It stasjon by Dronryp bliuwt leech troch de steuring oan de spoarbrêge by Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Troch in stikkene spoarbrêge by Ljouwert ride der moandeitemiddei op 'e nij gjin treinen tusken Ljouwert en Harns en tusken Ljouwert en Snits. Ferfierder Arriva set bussen yn. De brêge oer it Van Harinxmakanaal wie moandeitemoarn ek al stikken. Doe duorre de steuring in oere. De NS-treinen kinne wol ride, want dy hoege net oer de stikkene brêge.
UPDATE:Tsjin fiif oere middeis wie de steuring wer foarby.