Wurkstraf foar driigjen mei mes

19 mrt 2018 - 13:38

Twa bruorren út Huizen (Noard-Hollân) ha wurkstraffen fan 20 en 60 oeren krigen om't se mids desimber yn in Boalserter kroech spul makken.

De jongste broer (23) krige doe spul mei in kafeegast. Syn broer (25) holp him en soe ien in mes op de kiel hâlden ha. De man ûntkende en sei dat er syn kaaibosk fan de grûn pakte. Neffens tsjûgen hie er in mes yn de hân. De jongste broer fernielde ek in rút doe't er der in fyts tsjin oan smiet. De skea fan 800 euro moat er ek betelje. 

Ek hat de rjochter in selstraf ûnder betingst fan fjouwer wiken oplein, mei in proeftiid fan twa jier. Hy hat rekken hâlden mei dat de fertochte ferstanlik beheind is.

Trefwurden: 
bedriging mes wurkstraf
(advertinsje)