Ynventarisaasje fan koetshuzen yn Fryslân

19 mrt 2018 - 12:50
  • Aksje nedich om koetshuzen fan monumintale pleatsen te rêden
  • Boer Meile Terpstra fan Ealzum oer syn koetshûs

De Boerderijenstichting Fryslân fynt it heech tiid dat der mear oandacht komt foar de koetshuzen by monumintale pleatsen. Dy koetshuzen steane op dit stuit op gjin inkelde monumintelist, wêrtroch't de eigeners gjin stipe krije kinne foar restauraasje. It gefolch dêrfan is dat in soad koetshuzen slim fertutearze binne of sels sloopt wurde.

De Boerderijenstichting is dwaande mei in ynventarisaasje fan de weardefolle koetshuzen yn Fryslân. Dat binne der in stik as fyftich. Dy ynventarisaasje sil ek oanbean wurde oan it provinsjaal bestjoer fan Fryslân mei dêrby it fersyk om te sjen oft restauraasje fan de koetshuzen ek stipe wurde kin. Yn de provinsje Oerisel bestiet ek foar bygebouwen fan pleatsen in subsydzjeregeling. As gefolch dêrfan binne dêr ek al tsientallen bygebouwen opknapt.

Ald-bouboer Meile Terpstra fan de Bolstienpleats by Ealsum hat it koetshûs by syn monumintale pleats - in ryksmonumint - op eigen kosten restaurearje litten. Hy fynt dat de monumintale bygebouwen by histoaryske pleatsen by it Fryske lânskip hearre en it fertsjinje om bewarre te wurden. Terpstra stipet dêrom idee fan de Boerderijenstichting foar in regeling foar it behâld fan koetshuzen.

Yn Dokkum stiet oan de Altenastreek in fertutearze koetshûs. Dat koetshûs oan de râne fan de binnenstêd is bewarre bleaun, wylst de pleats der sels al lang net mear is. De kosten fan it opknappen fan dit koetshûs mei orizjineel puntdak wurde rûsd op sa'n 20.000 oant 30.000 euro. De eigener fielt hjir yn prinsipe wol foar, mar soe graach sjen dat er hjir ek wat subsydzje foar krije kin. Sûnder regeling kin er der ek foar kieze om it koetshûs ôf te brekken, want der is op dit stuit gjin inkelde beskerming foar it bouwurk fan de 19de iuw.

(advertinsje)