Bern dogge flashmob foar de wike fan de hoop

Reizgers op it stasjon fan Ljouwert binne moandeitemoarn muzikaal ferrast troch skoalbern út Bitgummole. De bern fan basisskoalle CBS Mooitaki songen by de stasjonspiano in ferske oer hoop. Dêrmei waard de lanlike wike fan de hoop ynlaat. Oan de wike fan de hoop dogge sa'n 30.000 bern fan 150 ferskate skoallen yn Nederlân mei.
Net allinnich op it stasjon fan Ljouwert waard songen. Dat barde ek yn bygelyks Arnhem, Rotterdam en Maastricht. Doel fan de wike fan de hoop is om de minsken wat positiver te meitsjen en hoop te jaan.