Sicko Heldoorn oer syn freon Doede: "In autentike tinker"

19 mrt 2018 - 11:48

''Mei it ferstjerren fan Doede Bleeker ferlieze we in autentike tinker en in orizjinele man'', seit Sicko Heldoorn, al 35 jier ien fan de beste freonen fan Bleeker. Heldoorn, prominint PvdA'er en no tydlik boargemaster yn Huizen, is bot oandien troch it ûnferwachte ferstjerren fan Bleeker. Sy dielden de leafde foar de fiskerij. ''Hy libbe foar syn winkel. Hy fûn it prachtich dat minsken omrieden om by him in hjerring te heljen.''

Ek as sjonger hat Bleeker neffens Heldoorn in soad betsjutting hân. Bleeker waard bekend mei it nûmer Switsokken, mar makke ek hiel gefoelige nûmers. Dy foelen net altyd goed by it festivalpublyk. ''Dan rôpen se achteryn de seal dochs wer om switsokken.'' It wie de lêste tiid wat stiller om Bleeker hinne. Dat hie der neffens Heldoorn mei te krijen dat Bleeker mear tiid yn syn winkel stuts, wylst hy it lêste jier ek lêst hie mei syn sûnens.

Yn febrewaris hie er him foar it lêst sjoen. "We fûnen doe al dat er der min útseach. Yn it neijier wie er thús fallen en dêrby hie er in swiere harsensskodding oprûn. Hy hat fiif dagen yn it sikehûs lein en hie der noch altyd lêst fan. We hienen noed oer syn sûnens."

(advertinsje)