Jouster skoalle hat natuerpaad om 'ff op te laden'

Bern dy't de hiele dei op de iPad of de iPhone sjogge, moatte de mooglikheid krije om harsels even 'op te laden'. Dat fine se by basisskoalle It Haskerfjild op De Jouwer. Dêrom is dêr in part fan it skoalplein omtsjoend ta natuerpaad mei beamkes, struken mei grint en sân. De namme is troch in learling betocht: het Hasker Speeleiland. Direkteur Tjitske de Jager is der hiel wiis mei.
Troch de âld-papier-pakes (al 35 jier) en de help fan âlden en frijwilligers fan NL-doet is de hoeke makke, mei natuerlike materialen.