Earste aai fan Súdwest-Fryslân fûn

19 mrt 2018 - 11:17

Nei it earste ljipaai fan Fryslân by It Heidenskip freed, wie it snein wer raak yn Súdwest-Fryslân. En wer by It Heidenskip. It aai waard fûn troch Hendrik Haanstra fan Warkum. Hy mei moandeitemiddei nei it gemeentehûs yn Snits, nei waarnimmend boargemaster Magda Berndsen. Yn stee fan it echte aai lit er har in foto sjen fan syn fynst en krijt er in oarkonde en in tientsje finerslean.
 

(advertinsje)