Tsjûgen rêde autobestjoerder út iiskâld wetter nei ûngelok

© SR Fotografie
Tsjûgen fan in ûngelok op de A7 by Terwispel moasten moandeitemoarn yn aksje komme om in slachtoffer út de auto rêden. De bestjoerder krige ûnder it riden in klapbân en bedarre mei syn auto op de kop yn de feart njonken de sneldyk. It slachtoffer koe net sels op de kant komme, en moast troch omstanners út it iiskâlde beferzen wetter helle wurde. De auto lei dêrby hast folslein ûnder wetter. Nei't omstanners de man út de auto helle hiene, is hy troch meiwurkers fan de ambulânse nei it sikehûs brocht.