Willem de Vries: "Doede Bleeker wie in begryp"

19 mrt 2018 - 11:04

In 'working class hero', sa omskriuwt Willem de Vries trûbadoer Doede Bleeker. De muzikant is snein ferstoarn, hy is 65 jier wurden. "In gewoan man mei in talint foar ferskes. Minsken fûnen syn wurk faak grappich, mar hy woe ek graach serieus nommen wurde. Dat wie ek wol wat syn wrakseling. It wie in alsidich man, hy skreau gedichten, ferhalen en ferskes fansels."

"Doede wie in begryp. Hy wie in akoestysk singer-songwriter, yn de styl fan Americana en blues. En skreau oer ûnderwerpen ticht by hûs, oer it libben sels, yn de breedste sin. Hy doarde him kwetsber op te stellen. It wie in hiel markant man. Net de bêste lietsjesjonger wat stim oangiet, mar wol in persoanlikheid. In echtenien. Hy hearde echt yn it rychje fan Piter Wilkens en Gurbe Douwstra."

Wâldrock

Doede Bleeker hie it muzykmeitsjen himsels oanleard. "Earst wie er strjitmuzikant yn Snits. Yn 1988 learde ik him kennen, doe't ik him programmearre foar de earste edysje fan Wâldrock, as pauze-act, om it publyk op te waarmjen. Troch technyske omstannichheden moast er op it haadpoadium spylje. Dêr stienen bands as Claw Boys Claw en The Nits. 'Wat moet die man hier' seinen se, mar nei in pear nûmers wie it klear. 'Laat die man staan' wie it doe. Hy iepene de herten. Hy wie sa oprjocht as mar kin en brocht syn muzyk entûsjast, hiel oertsjûgjend. Hy gie der twahûndert prosint foar."

"It wie in aardige man, eigensinnich, mar rûch foar himsels." Op 5 maaie soe er spylje op it Befrijingsfestival. "Ik moast prate as Brugman, hy woe earst net, wie net fit." De lêste tiid wie Doede Bleeker dwaande om syn nûmers te digitalisearjen, op Spotify te setten.

(advertinsje)