Trûbadoer Doede Bleeker (65) ferstoarn

Trûbadoer Doede Bleeker fan Starum is snein op 65-jierrige leeftiid ferstoarn. Bleeker waard benammen bekend as de sjongende fiskhanneler.
Doe't er yn 1984 wurkleas rekke, begûn er mei it skriuwen fan gedichten, ferhalen en ferskes. Hy doarde se yn it begjin net te sjongen, mar nei in strjitoptreden yn Snits krige er der wat mear fertrouwen yn. Uteinlik sei er syn útkearing op, en begûn er as selsstannich sjonger en fiskhanneler. Dit hat er syn libben lang dien.
Ien fan Bleeker's bekendste nûmers is it ferske 'Switsokken' út 1985. Bleeker neamde himsels de 'Staverse Misthoorn', nei't immen him yn de krante de Fryske Urbanus neamd hie. Syn lanlike trochbraak hie er doe't er frege waard foar in rol yn de Nederlânske film 'De kleine blonde dood'. Hjirnei mocht er meardere kearen optrede op radio en telefyzje.
Bleeker hie in fisksaak oan de Smidstrjitte yn Starum. Ien fan de lêste albums dy't Bleeker útbrocht wie de LP 'Omarmd op Texel' út 2007.
Sjoch mear fan Doede Bleeker op weromrop.