Koarte tiid treinútfal troch stikkene spoarbrêge by Ljouwert

Der hawwe moandeitemoarn problemen mei de spoarbrêge by Ljouwert west. Hjirtroch wie der koarte tiid gjin treinferkear mooglik tusken Ljouwert en Deinum en tusken Ljouwert en Mantgum. Der waarden bussen ynset om de reizgers te ferfieren. It is noch net dúdlik wat der krekt mis wie mei de spoarbrêge.