Hoe nuver wiene ús foarâlden no wier?

19 mrt 2018 - 08:34

Der is in nij boek oer ús Fryske foarâlden, en it boek hat in bysûndere titel meikrigen: 'Een meelijwekkend volk'. It wurk lit de wrâld fan it âlde Fryslân sjen, troch de eagen fan bûtensteanders.

Fan de Romeinske tiid oant it jier 800 hawwe in hiel soad minsken skreaun oer ús rare Fryske folkje. Skriuwers André Looijenga, Anne Popkema en Bouke Slofstra hawwe de wichtichste fan dizze ferhalen byinoar socht en oerset yn it Frysk en Nederlânsk. Sa seagen de measte bûtensteanders ús Fryslân bygelyks as in ûnbegeanber gebiet dêr't it wetter mei floed alles fuortfage. Wy koene net iens mei grutte bisten fjochtsje, om't der gjin grutte bisten wiene trochdat der gjin begroeiïngen wiene.

Dochs sjocht Looijenga, ien fan de trije skriuwers, dat oars: "De Friezen wiene sterke minsken dy't yn swiere omstannichheden libje koene. Se fongen fisk, se hiene skipfeart en lutsen it feangebiet yn op lân te ûntginnen foar lânbou."
 

Trefwurden: 
boek skiednis
(advertinsje)