Poalljocht te sjen yn Noard-Fryslân

19 mrt 2018 - 07:35

Foar de oplettende natuerleafhawwer wie der sneintejûn yn Noard-Fryslân wat moais te sjen yn de loften: it poalljocht. De grienreade gloede wie mei wat muoite mei it bleate each te sjen, mar mei in kamera hiene minsken mear gelok.

Paul Lezwijn fan Holwert is ien fan de minsken dy't it slagge is om it natuerfenomeen mei in kamera fêst te lizzen. Hy die dit fan út syn sliepkeamersrút yn Holwert. Neffens Lezwijn wie de Aurora koart mar goed te sjen fanút it noarden fan Fryslân, sa lit er op twitter witte.

Seldsum

It komt net al te faak foar dat it poalljocht yn Fryslân te sjen is. Gewoanwei moatte minsken in stik noardliker wêze, yn Skandinavië of Kanada bygelyks, om Aurora te sjen. It ljocht ûntstiet trochdat laden partsjes fan út de romte by de poalen maklik de atmosfear yn komme kinne. Hjirtroch kin de loft op inkele kilometers hichte gloeie yn in griene of reade kleur. It ljocht dat wy hjir yn Nederlân faak sjogge is meastentiids it gefolch fan in sinnestoarm.

Trefwurden: 
Aurora poalljocht
(advertinsje)