Kollum: "As de brânwacht"

19 mrt 2018 - 07:25

"De brânwacht hat yn Fryslân gemiddeld 9,6 minuten nedich om teplak te wêzen by in brân. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Alles wurdt op de sekonde nei byhâlden. De brânwacht moat nammentlik eins yn 8 minuten teplak wêze kinne, neffens de noarm. Yn Fryslân is dat hast net mooglik troch de tinbefolke gebieten. Sa'n gebiet as dêr't ik wenje bygelyks, yn Aldegea. Fandêr dat der plannen binne om yn ús doarp in kazerne del te setten.

In brânwachtkazerne yn Aldegea. It nijs gie as diggelfjoer troch ús doarpke. Want dêrfoar binne fansels frijwilligers nedich. Hé, tocht ik, miskien is dat wol wat foar my. Dus ik haw ris efkes socht op ynternet wêr'tst as frijwillige brânwachtman of -frou oan foldwaan moast. En blikjepiebe, dat is net samar wat.

Om te begjinnen hast in goeie kondysje en in goed úthâldingsfermogen nedich. Moast stressbestindich wêze en dei en nacht paraat stean. Moast 18 jier of âlder wêze, op syn minst 1,65 meter lang en oer de swimdiploma's A en B beskikke. Krijst deselde oplieding as in beropsbrânwacht, dus moast ek noch flink oan de stúdzje. En... dat soe ik hast ferjitte. Moast op trije oant fiif minuten ôfstân fan de brânwachtkazerne wenje en wurkje. Want moast fansels op alle mooglike mominten ynsetber wêze.

Mar foardat it safier is, krijst in sporttest, in brânwachttest, in swimtest én in psychologyske test. Boppedat wurdst medysk keurd en moast in 'Verklaring omtrent gedrag' ynleverje. Pas ast al dizze testen helle hast, meist as frijwilliger oan 'e slach om brannen te blussen. Oant no ta tink ik dat ik alles wol helje soe. Dus entûsjast lies ik fierder.

Doe kaam ik by it kopke 'Wat ga je doen?' En dêr hie ik sels efkes net sa goed oer neitocht. Want brannen blusse is net it iennichste datst dochst. As frijwillige brânwacht komst fan alles tsjin. Dus net allinnich in brân mar ek slimme auto-ûngelokken, ferdrinking, rampen en ûngelokken mei skealike stoffen. Mei oare wurden: moatst der fan hâlde om oeral mei de noas boppe-op te stean en dan net allinnich om te koekeloeren, mar om echt de hannen út de mouwen te stekken.

Sjoch, en dêr heakje ik ôf. Ik wol bêst wol meihelpe om in sneue ko út in dongput te rêden. Mar om te sjen hoe't kij yn in brânende stâl steane, harrejakkes nee. Ferkearsslachtoffers út in auto knippe; ik moat der net oan tinke. Of in bedriuwspân binnen stappe dêr't gemyske stoffen fûn binne om te sjen oft der noch minsken binne. Ferskriklik.

Mei oare wurden: út dizze koarte stúdzje nei myn eigen brânwacht-mooglikheden hat bliken dien dat ik totaal mar dan ek totaal gjin brânwachtfrou bin. No mar hoopje dat der ûnder dy oare 1700 Aldegeasters wól geskikte kandidaten sitte. Want oars hawwe wy hjir aanst wol in kazerne mar gjin frijwilligers. Heech tiid om as de brânwacht op syk te gean."

(advertinsje)