Pleats útbaarnd yn Achlum

19 mrt 2018 - 08:00

By Achlum oan de Hitsumerwei is yn de nacht fan snein op moandei in pleats troch brân yn de jiske lein. De earste melding wie om ûngefear kertier oer tolven nachts. Doe't de brânwacht oankaam wie de brân al útslaand en waard al gau dúdlik dat it gebou net mear te rêden wie.

Yn de skuorre fan de pleats stie earst noch fee, mar dat is der úthelle. De brânwacht hat benammen dwaande west om de skuorre mei jongfee dernjonken te rêden. Dat is goed slagge. Der binne gjin minsken of fee by de brân ferwûne rekke.

De pleats wie bewenne. Krekt foar twa oere nachts hie de brânwacht fan Wytmarsum en Frjentsjer de brân ûnder kontrôle. Dêrnei is der wurke oan it herstel fan de stroom sadat der moandei noch molken wurde koe. 

Trefwurden: 
brân Achlum
(advertinsje)