Holstmeer makket yndruk: 'Teäter kin finzenen helpe'

18 mrt 2018 - 21:54

ChristenUnie-Keamerlid Stieneke van der Graaf sjocht in wichtige rol foar teäter by yn it begelieden fan finzenen nei in bestean bûten de finzenis. Sy freget dêr dit jier omtinken foar by minister Sander Dekker fan Rechtsbescherming. Ynspiraasje dêrfoar is it teäterstik Holstmeer dat op trije lokaasjes yn Ljouwert spile wurdt, wêrûnder ek finzenis De Marwei. Finzenen spylje der ek yn mei.

Stieneke van der Graaf hat it stik sjoen en wie ûnder de yndruk. By it meitsjen fan teäter moatte je je bleat jaan en iepenstelle, sa seach sy. Dat is suver it tsjinoerstelde fan wat yn de finzenis bart, mar wol nedich om wer yn de mienskip mei dwaan te kinnen sûnder dat it mei de ferkearde dingen dien wurdt.

(advertinsje)