Sulver foar shorttrackfroulju op it WK by ôflossing

18 mrt 2018 - 21:02

De Nederlânske shorttrackfroulju, mei Suzanne Schulting en Rianne de Vries, hawwe in sulveren medalje wûn op it WK yn it Kanadeeske Montreal. Yn de finale wie Súd-Koreä fierstente sterk, mar dêrachter wie it tige spannend. De Oranjeploech focht in fûl duel út mei Kanada. Uteinlik kamen de Oranje froulju dêr op de streep winnend út.

De manlju, mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat, rieden in teloarstellende finale. Der wie ien momint dat Sjinkie Knegt fan it fjirde nei it twadde plak gie, mar koart dêrnei sakke Nederlân wer fuort. Tsjin de ein fan de wedstriid koe ek Knegt gjin poadiumplak mear pakke foar ús lân. 

(advertinsje)