Goed 300.000 euro ophelle by Hollandse 100

18 mrt 2018 - 20:42

By de Hollandse 100, in goede doele-aksje dy't sneintemiddei hâlden waard op It Hearrenfean, is 309.438 euro ophelle. Dat jild giet nei de stichting Lymph&Co, dy't ûndersyk docht nei lymfeklierkanker.

De stichting is oprjochte troch Bernhard van Oranje, dy't ek sels meidocht. Ek syn mem, Prinses Margriet, wie der snein by. Nei tsien kilometer op it iis fan Thialf fytsten de dielnimmers op syn meast noch 90 kilometer. Under de dielnimmers wie ek Patrick Kluivert. Hy en syn frou Rossana binne ambassadeurs fan de stifting.

Ferline jier waard 400.00 euro ophelle mei itselde evenemint, mar dan yn Biddinghuizen.

Trefwurden: 
Hollandse 100
(advertinsje)