Fernuvering oer film SGP Dantumadiel: 'Koefnoen yn Damwâld'

18 mrt 2018 - 20:20

In kampanjefilmke fan de SGP yn Dantumadiel hat op ynternet foar in soad fernuvering soarge, sa skriuwt RTVNOF. Yn it filmke wie listlûker Tom Bakker te sjen, dy't in ferhaal hâldt oer syn eigen húshâlding en de, yn syn eagen, negative gefolgen fan echtskiedingen. It filmke, makke foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 21 maart, waard sneintemiddei offline helle, mar doe hiene in soad minsken it al sjoen.

'Vreselijk al die echtscheidingen, wat een ellende komt daar allemaal uit voort. Psychische problemen, ziekteverzuim, werkloosheid, financiële problemen, om dan nog maar te zwijgen van opvoedingsproblemen', sa seit Bakker yn it filmke. 'Ja echtscheidingen gaan altijd ten koste van de kinderen, vraag het maar aan de meesters en juffrouwen op school. Kinderen uit gebroken gezinnen is bijna altijd wat mee aan de hand'. Neffens RTVNOF stie it tema begjin maart ek op it programma by in ferkiezingsjûn fan de SGP yn De Nije Warf yn Wâlterswâld.

'Koefnoen yn Damwâld'

Fia Facebook kamen der in soad reaksjes binnen op it filmke. De measten dêrfan wiene negatyf. Fan 'Koefnoen in Damwâld, dat was mijn eerste reactie bij dit filmpje!' tot 'Je moet je diep en diep schamen! Wat een onzin. De SGP heeft heel wat standpunten waar ik me wel in kan vinden maar dit, een schande! En dat uit een mond van een 'gelovige'. Ik zou voorstellen eens met kinderen te gaan praten uit een gescheiden gezin, misschien gaan je ogen dan open!'

RTVNOF pleatste in stikje fan it filmke op harren Facebookside.

(advertinsje)