UNIS Flyers wint twadde finaleduel

18 mrt 2018 - 19:27

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha de twadde wedstriid yn de bêste fan fiif searje om de titel yn BeNe League wûn. Op it eigen iis fan Thialf waard it 3-1 (1-0, 0-1, 2-0) tsjin Hijs Hokij út Den Haach.

Yn de earste perioade wie de start goed fan de Flyers. Al nei fjouwer minuten makke Brent Janssen in moaie goal, wêrmei't hy syn ploech op foarsprong sette. Letter rekke Postma noch de latte. De tsjinstanner út Den Haach begûn better oan de twadde perioade. Binnen twa minuten wie it Jurryt Smid dy't de 1-1 op it skoareboerd sette.

Dêrnei pakten de Flyers wol wer de rezjy yn de wedstriid. Se wiene ek better en krigen in pear goede kânsen. Brent Janssen rekke mei in hurd skot de peal, en ek Adam Bezak en Tony Demelinne koene in ien-op-ien situaasje mei de keeper fan Den Haach net omsette yn in goal.

Der wiene in soad powerplay-situaasjes yn de tredde periode, mar it duorre lang foar't ien fan beide teams dêrfan profitearre. Fiif minuten foar tiid wie it Lars den Edel dy't de wedstriid besliste foar de Flyers. Yn de lêste minuten hie Hijs noch wol in man mear op it iis, tochten ek dat se de lykmakker skoarden, mar de Flyers koe it duel oer de streep lûke. Mei noch 27 sekonden op de klok besliste Janssen mei syn twadde goal it duel doe't Hijs sûnder keeper spile.

Om't de earste wedstriid, freedtejûn yn Den Haach, mei 4-2 ferlern waard, stiet it no 1-1 yn de searje. De tredde wedstriid is tiisdei yn Den Haach. De ploech dy't as earste trije wedstriden wint, pakt de titel yn de BeNe League. De Flyers ferlearen earder dit seizoen al de bekerfinale fan Hijs Hokij en ek de Nederlânske titel gie nei Den Haach.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(advertinsje)