Sjinkie Knegt pakt brûns op WK 1000 meter

18 mrt 2018 - 18:44

By it wrâldkampioenskip shorttrack yn it Kanadeeske Montreal hat Sjinkie Knegt in brûnzen medalje op de 1000 meter wûn. Charles Hamelin wûn de 1000 meter. Hy giet nei trije ôfstannen ek rom oan de lieding yn it klassemint. Knegt stiet deryn op de sechsde plak.

Yn de finale begûn Knegt fan it lêste plak ôf. Doe't de Súd-Koreaan Hwang ûnderút gie, koe hy opskowe nei foaren, mar mear as brûns siet er net yn.

Knegt hie yn syn kwartfinale noch alle muoite. De Kanadezen Girard en en Hamelin kamen foar de Bantegeaster oer de streep, mar dy mocht op basis fan syn rappe tiid dochs nei de heale finale. Yn die heale finale besocht Knegt út alle macht om by de beste twa te kommen, mar dat slagge net. Mar om't de Bantegaster hindere waard, sette de sjuery him dochs troch nei de finale. 

Itzhak de Laat út Ljouwert gie yn syn kwartfinale spitigernôch ûnderút.

Olympysk kampioen Suzanne Schulting pleatste har net foar de heale finale op de 1000 meter. Yn har kwartfinale waard se bestraft mei in penalty.

Sawol de manljusploech as de frouljusploech ride sneintejûn noch de finale fan de ôflossing.

(advertinsje)