Enkête nei jeugdhelp yn Eaststellingwerf

18 mrt 2018 - 16:31

Eaststellingwerf docht ûndersyk nei de jeugdhelp yn de gemeente. Dêrfoar wurdt in enkête holden. Eltsenien dy't yn 2017 jeugdhelp krige en âlden of fersoargers fan wa't in bern dy help krige, wurdt oproppen mei te dwaan oan de enkête. De gemeente wol der sa achter komme wêr't noch saken te ferbetterjen binne. Minsken kinne de fragelist online ynfolje.

Trefwurden: 
Eaststellingwerf enkête
(advertinsje)