Snits Wyt Swart ferliest fan SJC

18 mrt 2018 - 16:01

Snits Wyt Swart hat snein thús ferlern fan SJC. It waard 3-1 foar de besikers út Noardwyk.

Troch de hurde wyn wie it lestich fuotbaljen yn Snits. SJC is de koprinner yn de haadklasse A, wylst Snits op it trettjinde plak stiet. Dat ferskil kaam ta utering op it fjild doe't Stef van der Zalm yn de 35e minút mei in tûke lob de SJC foarsprong op it skoareboerd sette. In pear minuten letter makke Tom Duindam der ek noch 0-2 fan.

Fjouwer minuten nei it skoft makke Snits Wyt Swart de oanslutingstreffer. In skot fan Wytze Veenstra gie fia de peal de goal yn. De grutste kânsen wiene dêrnei foar SJC, mar ek Snits Wyt Swart kaam der sa no en dan gefaarlik út. Yn de blessueretiid makke Rick van Dijk der úteinlik noch 1-3 fan.

VV Hearrenfean kaam snein net yn aksje yn de haadklasse. De wedstriid tsjin Achilles 1894 gie net troch om't it fjild yn Assen troch de skiedsrjochter ôfkard waard.

(advertinsje)