Hurde wyn soarget foar file op A6

18 mrt 2018 - 15:43

Troch de hurde wyn is sneintemiddei in file ûntstien op de A6 by De Jouwer. Troch de wurksumheden by de rotonde fan De Jouwer lizze der in soad sânbulten by de dyk del. Dat sân waard troch de hurde wyn de dyk opblaasd. Der moast ien rydstrook ôfset wurde om't der tefolle sân lei. Dêrtroch ûntstie in file út de rjochting fan De Lemmer wei.

Rykswettersteat hat in part fan de dyk ôfsletten, sa't in feiwein it sân fuorthelje kin.

Trefwurden: 
wyn A6 De Jouwer
(advertinsje)