Biblioteek yn Beetstersweach krijt nije formule

18 mrt 2018 - 15:34

De biblioteek yn Beetstersweach krijt in nije formule. De byb is tenei faker en langer iepen en der wurde ek kursussen, aktiviteiten en tsjinstferliening oanbean, lykas de biblioteken yn Oerterp en op De Gordyk. Sa kinne minsken der daliks help krije by it ynboargerjen en by it learen fan it lêzen en it skriuwen. De gemeente Opsterlân stelt ekstra jild beskikber om ien en oar mooglik te meitsjen.

(advertinsje)