CDA-Keamerlid Van der Molen: "Ferheging wetterpeil dom plan"

De plannen om it wetterpeil te ferheegjen yn it Fryske feangreidegebiet binne 'dom'. Dat sei CDA-Keamerlid Van der Molen snein yn in it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Neffens Van der Molen is it de fraach oft it helpt foar de biodiversiteit, mar binne je der wol wis dat it ta skea giet fan in soad, faak relatyf lytse, boeren. Harry van der Molen gie dêroer yn diskusje mei Gerrie Rozema, de listlûker fan GrienLinks op It Hearrenfean en Sipke Hoekstra, de nûmer ien fan de VVD Smellingerlân.
It hiele Nijsfoarum is te finen op de programmaside fan Buro de Vries.