Smeekens pakt goud op 500 meter by wrâldbeker yn Minsk

18 mrt 2018 - 14:09

Jan Smeekens hat snein it goud pakt op de twadde 500 meter by de wrâldbekerfinale reedriden yn Minsk. Hy die dat yn in tiid fan 34.83 sekonden, in baanrekôr. Dai Dai Ntab waard twadde yn 34.94 en Hein Otterspeer einige as tredde yn 34.97.

Dêrmei wie it poadium op dizze ôfstân, krekt as sneon, folslein Oranje. Doe pakte Smeekens it sulver, wie it goud foar Otterspeer en it brûns foar Ronald Mulder.

Op de 1500 meter wie der in sulveren medaille foar Marrit Leenstra fan Wikel. It goud gie nei de wrâldkampioen allround Miho Takagi út Japan, dy't mei 1.56.36 in grutte foarsprong hie op Leenstra (1.57.23). Lotte van Beek pakte it brûns. Takagi wûn ek it einklassemint op de 1500 meter, Leenstra waard twadde.

(advertinsje)