Grutte belangstelling foar Hollandse 100 op en om Thialf

Op en om Thialf hinne op It Hearrenfean wurdt snein in lanlike aksje hâlden foar it goede doel. De aksje moat jild opsmite foar ûndersyk nei lymfeklierkanker. Dizze Hollandse 100 is in inisjatyf fan de stichting Lymph&Co, dy't oprjochte is troch Bernhard fan Oranje. De prins docht sels ek mei en syn mem, prinses Margriet, wie der moarns ek by.
Nei tsien kilometer op it iis fan Thialf fytse de dielnimmers op syn meast noch 90 kilometer. Under de dielnimmers wie ek âld-fuotballer Patrick Kluivert. Hy en syn frou Rossana binne ambassadeurs fan de stichting. Ferline jier is der 400.00 euro ophelle mei itselde evenemint, mar dan yn Biddinghuizen.