Skylger hierdersferiening praat mei oer nije korporaasje

18 mrt 2018 - 11:39

Hierdersferiening De Brandaris op Skylge sil meiprate oer it finen fan in nije wenningboukorporaasje foar it eilân, no't korporaasje De Veste oanjûn hat der mei op te hâlden. De Veste hat sûnt in fúzje yn 2010 in grut oantal wenningen op it eilân yn besit, mar wol dêr no fan ôf. Neffens de direksje is de ôfstân tusken it haadkantoar yn Ommen en Skylge te grut.

It grutte oantal reisoeren is neffens de direksje net effisjint. Boppedat hat it bedriuw in oare fyzje op sosjale wenningbou as de gemeente en makket nije wetjouwing it dreech foar De Veste om bûten Oerisel te ynvestearjen.

De korporaasje wol syn besit ferkeapje oan in Fryske korporaasje. Dat moat op 1 jannewaris 2019 syn beslach krije. De Brandaris sil by dy oerdracht de belangen fan de hierders fertsjintwurdigje.

(advertinsje)