Opsterlân docht proef mei buertbemiddeling by konflikten

It gemeentehûs fan de gemeente Opsterlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Opsterlân, de plysje en de wenningboukorporaasjes Elkien en WoonFriesland begjinne in proef mei buertbemiddeling. Bedoeling hjirfan is dat konflikten tusken buorlju oplost wurde troch alle partijen om tafel te krijen, om sa de ûnderlinge kommunikaasje te ferbetterjen. Twa frijwillige buertbemiddelers begeliede it proses.
It giet om in proef fan in jier. Der binne tsien oant fyftjin frijwilligers nedich. Se krije in oplieding fan Scala Welzijn. De ynwenners fan Opsterlân kinne fergees gebrûk meitsje fan de buertbemiddeling.