Nije Splitting yn Drachten fjouwer wiken letter iepen

Splitting, Drachten © Gemeente Smellingerlân
Net earder as oer in wike as fjouwer kin it ferkear oer de nije Splitting yn Drachten. De dyk soe in moanne lyn al iepengean, mar dat slagge net. It beton yn de nije rydbaan is noch net hurd genôch. Dat komt troch it kâlde waar fan de ôfrûne tiid. Der is no in langere perioade fan waarmer waar nedich. As de dyk no iepensteld wurdt, kin it beton stikken riden wurde.
De gemeente Smellingerlân wol gjin risiko rinne en wachtet dêrom noch in pear wiken mei it frijjaan fan de Splitting.