Wat wurdt de namme fan it nije kuierpaad yn Wolvegea-Súd?

18 mrt 2018 - 10:16

De gemeente Weststellingwerf is op syk nei in namme foar it kuierpaad yn it natuergebiet Wolvegea-Súd. Dêrom skriuwt de gemeente in priisfraach út. Ynwenners kinne oant 6 april mei in namme komme foar it nije betonnen paad yn it natuergebiet. De namme wurdt yn juny bekend makke. Dan wurdt it kuierpaad offisjeel iepene.

It projekt Wolvegea-Súd is ta stân kaam troch in gearwurking tusken de gemeente Weststellingwerf, it Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea en de provinsje.

(advertinsje)