Lyk spul frustrearret SC Hearrenfean: "Vervelend en onnodig"

18 mrt 2018 - 09:53

SC Hearrenfean hat it smoar yn oer it lyk spul sneontejûn tsjin FC Utrecht. De ploech fan trainer Jurgen Streppel like ta te setten op in oerwinning, mar Utrecht-ynfaller Cyriel Dessers bepaalde fiif minuten foar it einsinjaal oars en sette 2-2 op it skoareboerd. "We hadden deze wedstrijd gewoon moeten winnen", sei in teloarstelde Streppel. "Het is wel een beetje exemplarisch voor dit seizoen. Als je zo de doelpunten weggeeft, is dat heel vervelend, heel frustrerend en ook totaal onnodig."

Ferdigener Kik Pierie lûkt it himsels oan dat Dessers de kâns krige om de lykmakker te skoaren. "Hij draaide bij mij weg en kreeg ruimte om te schieten. Als verdediger mag je hem die ruimte niet geven. Ik had dat anders moeten doen."

Reza Ghoochannejhad, dy't in kertier foar tiid syn klup op foarsprong sette, wie ek bot teloarsteld. Hy waard flak foar it ein fan de wedstriid wiksele en gie fan it fjild yn de ferûnderstelling dat de oerwinning in feit wie. "Ik ging zitten, deed mijn jas aan en hij zat er helaas al weer in." Krekt as Streppel, fynt ek Ghoochannejhad it tekenjend foar it seizoen. "Het overkomt ons iets te vaak." 

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)