Brân yn twa-ûnder-ien-kapwenning yn Frjentsjer

18 mrt 2018 - 09:04

Yn in wenning yn Frjentsjer hat sneintemoarn brân west. It gie om in twa-ûnder-ien-kapwenning oan de Professor J. Bogermanstrjitte. De brân siet yn it dak fan de wenning. De brânwacht ried mei meardere weinen út om it fjoer te bestriden. Binnen in heal oere hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle, mar der koe net foarkaam wurde dat in diel fan it dak fuortbaarnde. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
wenningbrân Frjentsjer
(advertinsje)