Jouster krijt lintsje foar ynset as frijwillige brânwacht

18 mrt 2018 - 08:08

Luitzen Dijkstra fan De Jouwer is sneontejûn keninklik ûnderskieden. De 60-jierrige Dijkstra waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau, om't er him mear as 27 jier ynset hat as frijwillige brânwacht yn de gemeente De Fryske Marren. Hy krige it lintsje opspjelde by syn offisjele ôfskied troch boargemaster Fred Veenstra.

(advertinsje)
(advertinsje)