Skuorke giet yn flammen op yn Driezum

18 mrt 2018 - 07:32

Yn Driezum is sneontenacht in skuorke oan de Master Hofstrastrjitte ferlern gien troch in koarte, mar fûle brân. De melding kaam om healwei trijen binnen by de brânwacht en doe't se koart dêrnei by it skuorke oankamen sloegen de flammen al út it dak. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei omlizzende gebouwen.

De eigener fan it skuorke hie reek binnen krigen en waard troch ambulânsepersoniel neisjoen. Hy hoegde net nei it sikehûs. De oarsaak fan de brân is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
brân Driezum
(advertinsje)