Nederlânske ôflossingsploegen nei A-finales op WK shorttrack

17 mrt 2018 - 23:14

De Nederlânske ôflossingsploegen hawwe harren sneon op de WK shorttrack yn Kanada pleatst foar de A-finales. Se einigen yn de heale finales beide by de earste twa, wêrtroch't sawol de manlju as de froulju snein yn Montreal op it ôflossingsûnderdiel om de medaljes stride.

De manljusploech, mei dêryn de Friezen Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma, wie yn de heale finale de Sinezen te fluch ôf en pleatste him mei de Kanadezen foar de A-finale. Dêryn nimt de regearjend wrâldkampioen it op tsjin Kanada, Súd-Koreä en Japan.

De froulju, mei de Friezinnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries yn de ploech, pleatsten harren yn de heale finale tegearre mei de Italiaanske ploech foar de finale. Dan treffe se opnij de Italianen en ek Súd-Koreä en Kanada.

Trefwurden: 
WK shorttrack
(advertinsje)