Lykspul foar SC Hearrenfean nei let doelpunt FC Utrecht

17 mrt 2018 - 22:52

Troch in let tsjindoelpunt stapte SC Hearrenfean sneontejûn tsjin FC Utrecht net mei trije, mar mei ien punt fan it fjild. De ploech fan trainer Jurgen Streppel like troch goals fan Morten Thorsby en Reza Ghoochannejhad nei trije wedstriden op rige wer ris te winnen, mar Utrecht-ynfaller Cyriel Dessers bepaalde oars: 2-2.

Hearrenfean kaam yn it eigen Abe Lenstra Stadion nei in sterk begjin fan Utrecht healwei de earste helte op efterstân. Oanfierder Mark van der Maarel lei op de grûn, mar slagge der wol yn de bal efter keeper Martin Hansen te krijen. Nei de goal kroep Hearrenfean út 'e skulp en seach dat Thorsby krekt net by in foarset fan Arber Zeneli koe.

In pear minuten foar it skoft krige de Noar de bal wól yn it net. Ut in foarset fan Denzel Dumfries, al syn achtste assist fan dit seizoen, makke Thorsby fan tichtby de lykmakker.

Lette lykmakker

Nei it skoft waard Hearrenfean better en better. Ghoochannejhad fertaalde it oerwicht op it fjild nei it skoareboerd en sette in kertier foar tiid syn klup op foarsprong. De Iraanske spits naam de bal knap oan út in yngoai fan Lucas Woudenberg en skeat de bal efter Utrecht-doelman David Jensen.

Hearrenfean like op wei om trije punten te pakken, mar twa minuten foar it ein fan de wedstriid soarge Utrecht-spits Dessers derfoar dat beide ploegen mei in lyk spul fan it fjild stapten.

SC Hearrenfean - FC Utrecht 2-2 (1-1). 18. Mark van der Maarel 0-1, 39. Morten Thorsby 1-1, 76. Reza Ghoochannejhad 2-1, 88. Cyriel Dessers 2-2. Giele kaart: Lukas Görtler (FC Utrecht).

Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Pierie, Woudenberg; Schaars, Thorsby, Kobayashi (83. Van Amersfoort); Ødegaard, Ghoochannejhad (87. Veerman), Zeneli.

(advertinsje)