LDODK slút play-offleas seizoen ôf mei oerwinning op DOS'46

17 mrt 2018 - 22:10

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn de lêste wedstriid fan it sealseizoen yn de kuorbal league wûn. De ploech fan trainer Henk Jan Mulder stie tsjin DOS'46 by it skoft noch mei fiif punten efter, mar bûgde dat yn de twadde helte om. LDODK wûn op De Gordyk mei ien punt ferskil: 23-22.

Foar LDODK wie de wedstriid tsjin DOS'46 der ien om 'des keizers baard', want de ploech hat him net witte te pleatsen foar de play-offs. Miskien dat dat de reden wie dat LDODK min útein sette, want nei sân minuten stie DOS'46 al mei 4-0 foar. It late ta in rêststân fan 14-9 yn it foardiel fan de ploech út Nijeveen.

Nei it skoft liet LDODK sjen wol degelik kuorbalje te kinnen. De Gordyksters wûnen it duel úteinlik mei 23-22. Foar LDODK wie Marjolijn Kroon op skot mei fiif treffers.

Trefwurden: 
LDODK DOS'46 kuorbal
(advertinsje)