Aris nei twa oerwinningen op rige ûnderút tsjin Den Helder

Aris © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris stapten sneontejûn nei twa oerwinningen op rige dit kear as ferliezers fan it fjild. Yn Den Helder gie it team fan Tony Van den Bosch mei 69-66 ûnderút. Den Helder stiet yn de kompetysje ien nei lêste stiet, ûnder Aris.
Aris en Den Helder diene yn it begjin net in soad foar inoar ûnder, mar it earste kwart einige mei ien punt yn it foardiel fan de thúsklup. Mei in tuskenstân fan 17-16 op it skoareboerd begûnen beide ploegen oan it twadde kwart. Dêryn wie Den Helder in stik better as de Ljouwerters, mei in tuskenstân fan 34-24 as resultaat.
Yn it tredde kwart brocht Aris it ferskil werom nei seis punten (54-48). Yn it fjirde kwart moast it barre foar de Ljouwerters, mar Den Helder luts de thúsoerwinning oer de streek (69-66).