Penalty Schulting en fjirde plak Knegt yn B-finales op WK

Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting © ANP
Shorttrackers Suzanne Schulting en Sjinkie Knegt hawwe sneontejûn op de WK shorttrack yn Kanada gjin hege eagen smite kind op de 1500 meter. Beide Friezen sneuvelen yn de heale finale en moasten dêrtroch nei de B-finale.
Olympysk kampioene Schulting krige nei ôfrin fan de heale finale in penalty fan de sjuery. Knegt einige yn syn B-finale op it fjirde plak.