Winst foar VC Snits nei geweldige comeback tsjin Set-Up'65

17 mrt 2018 - 20:20

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn de sechde wedstriid yn de kampioenspûl wûn. De ploech fan trainer Abe Meininger moast in soad doek fiere om Set-Up'65 oan kant te setten. Yn Ootmarsum waard it 3-2 yn sets foar de Snitsers.

Snits ferlear de earste twa sets. Beide kearen wiene de ferskillen lyts. De earste gie mei 26-24 ferlern en de twadde mei 25-23. Dêrnei pakte Snits de tredde set mei 31-29 en de fjirde mei 25-17. De fiifde en beslissende set gie ek nei Snitser froulju (15-10), wêrmei't de comeback hielendal slagge wie.

Troch de oerwinning bliuwt Snits op it twadde plak yn de kampioenspûl stean, efter koprinner Sliedrecht Sport.

Trefwurden: 
Set-Up'65 VC Snits follybal
(advertinsje)