Scan moat útwize oft Anna Maria van Schurman mummy is

17 mrt 2018 - 20:00

De fjouwer mummys dy't yn de Nicolaastsjerke fan Wiuwert lizze moatte troch in MRI-scan helle wurde. Dy oprop die Pieta van Beek sneon by har lêzing yn it Museum Martena yn Frjentsjer oan it bestjoer fan de Wiuwerter tsjerke. Van Beek is Anna Maria van Schurman-saakkundige en wol mei de scan oantoane of útslute oft Van Schurman ien fan de mummys is.

Van Schurman (1607-1678) wie de earste froulike studinte yn Europa. Se wie in grut taalfirtuoas en in foaroansteand figuer ûnder de labadisten, folgelingen fan Jean de Labadie. Sy hie kontakt mei grutheden út har tiid, lykas Jacob Cats en Constantijn Huygens.

Van Schurman stoar yn 'e âldens fan 71 jier yn Wiuwert, mar it is noch altyd ûndúdlik wêr't se begroeven is. In scan soe dêr útslútsel oer jaan kinne.

(advertinsje)