Gytha te Nijenhuis lêst op 4 maaie gedicht foar op de Dam

17 mrt 2018 - 18:06

De 17-jierrige Gytha te Nijenhuis út Surhústerfean hat sneon de finale wûn fan 'Dichter bij 4 mei'. Hjirtroch mei se op 4 maaie by de Nasjonale Betinking op de Dam yn Amsterdam har winnende gedicht foarlêze. Har gedicht wie it moaiste en bêste fan de tsien dy't de finale hellen.

'Dichter bij 4 mei' is in dichtwedstriid foar jongeren tusken de 14 en 19 jier. De finale wie yn De Kanselarij yn Ljouwert. De wedstriid wurdt elk jier holden yn de provinsje wêr't dat jier op 5 maaie de Nasjonale Fiering Befrijing plakfynt. Dit jier is dat yn Fryslân.

De 10-jierrige Naomi Maneka út Ljouwert mei dan har stik oer frijheid foarlêze. Sy wûn de '5 mei-kinderlezing'.

It gedicht fan Gytha:

Het liefst willen we vergeten
Deze stoffige doos op zolder laten staan
Dit litteken verbergen met kleding
Maar je kan het niet loslaten

Leegte, stilte
Maar toch luid
Veel woorden
Maar niet te omschrijven

Voor sommigen gegraveerd in geheugens
Bij anderen geleerd met het verstand
De gebeurtenissen van lange tijd geleden
Ze blijven voortbestaan in ons

(advertinsje)