De Jong wint yn Minsk wrâldbekerklassemint 3.000 meter

Antoinette de Jong © awfoto.nl
Antoinette de Jong hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Minsk it einklassemint fan de 3000/5000 meter wûn. De Jong wie yn de lêste wrâldbekerwedstriid mei in tiid fan 4.08.85 de sterkste op it iis yn Wyt-Ruslân en wûn dêrmei it klassemint fan de langste ôfstannen
De iennige konkurrint fan De Jong yn de striid om it einklassemint, Ivanie Blondin út Kanada, waard yn de wedstriid tredde en einige yn it klassemint efter De Jong op it twadde plak. Natalia Voronina út Ruslân waard yn dat klassemint tredde.