Harkemase Boys kin nei winst op Capelle wer omheech sjen

17 mrt 2018 - 16:39

Op besite by Capelle hat Harkemase Boys sneontemiddei goede saken dien troch mei trije punten fan it fjild te stappen. De ploech fan trainer Henk Herder wie mei 4-1 te sterk foar Capelle.

Nei goed tsien minuten spyljen wie Harkemase Boys dizze middei foar it earst gefaarlik. Jesse Renken skeat de bal krekt neist de goal fan Capelle. Healwei de earste helte wie it oan de oare kant wol raak. Ferdigener Kellian van der Kaap makke hands, wêrnei't de bal op de stip gie. Capelle-topscorer Olaf van der Sande wist hjir wol ried mei en sette syn klup op foarsprong.

Harkemase Boys moast yn de efterfolging en slagge der nei in healoere yn op likense hichte te kommen. Spits Robert Stelpstra sette de Harkiten, nei in assist fan Henny Bouius, wer neist Capelle.

Sportive revâns

Yn de twadde helte brocht Dennis van Duinen Harkemase Boys oan de lieding. Nei in solo makke hy syn twadde treffer fan it seizoen. Dêrmei helle Van Duinen sportive revâns tsjin de ploech wêrtsjin't er oktober ferline jier in grutte kâns miste.

Berwout Beimers goaide in kertier foar it ein de wedstriid yn it slot troch de 3-1 te meitsjen. Yn de lêste minút makke ynfaller Ezra Schrijver, kâld yn it fjild, der sels noch 4-1 fan.

Troch de oerwinning rint Harkemase Boys út op de ûnderste ploegen en kin it op de ranglist wer nei boppen sjen.

(advertinsje)