FIDEO: Soarchsintrum Het Bildt makket feestje fan iepen dei

17 mrt 2018 - 15:58

Belangstellenden koene sneon by soarchsintrum Het Bildt sjen hoe't it dêr oan ta giet. De bewenners en meiwurkers fan it soarchsintrum makken fan de iepen dei in feestje troch aktiviteiten as rolstoeldûnsjen en pankoekiten te organisearjen en in diashow fan it Biltsk dokumintaasjesintrum sjen te litten.

Nije meiwurkers oanlûke is ien fan de doelen fan de 'Wike fan soarch en wolwêzen'. By Het Bildt hawwe se fia speeddates al kontakt krigen mei sa'n tolve potinsjele nije meiwurkers. Doel is om guon dêrfan meidwaan te litten oan fiif nije opliedingsplakken.

Dat hoege net perfoarst jongeren te wêzen. Ek saneamde 'zij-instromers' en manlju binne fan herte wolkom, seit direkteur Atje Tadema fan it soarchsintrum.

Nij Bethanië

It sintrum wurket op twa plakken. Yn De Beuckelaer yn Sint-Anne en sûnt in jier ek yn Nij Bethanië yn Tsjummearum. De oername fan Nij Bethanië liket goed út te pakken. Alle soarchplakken yn Tsjummearum binne beset en der wurdt dêrom ek al wer neitocht oer in beskieden útwreiding.

Benammen minsken út de eardere gemeente Barradiel hawwe in dúdlike foarkar foar it soarchsintrum yn Tsjummearum.

Sjoch foar mear reportaazjes, artikels en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch. Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

(advertinsje)