Leenstra wint 1.000 meter by wrâldbekerfinale yn Minsk

17 mrt 2018 - 15:34

Marrit Leenstra hat sneon by de wrâldbekerfinales yn Wyt-Ruslân de 1.000 meter op har namme skreaun. De reedrydster út Wikel wie mei in tiid fan 1.15.82, in nij baanrekôr, yn Minsk de rapste. Yn it wrâldbekerklassemint waard Leenstra twadde efter de Russyske Jekaterina Sjichova.

Hege Bøkko út Noarwegen einige as twadde mei in tiid fan 1.16.03. Sjichova waard tredde mei 1.16.73.

Foar Leenstra wie it de twadde wrâldbekeroerwinning op de 1.000 meter yn har karriêre. Yn novimber 2014 wie se de bêste yn it Japanske Obihiro.

(advertinsje)