Grutte brân yn wenbuorkerij oan Laekwerterwei yn Iens

Yn in wenbuorkerij oan de Laekwerterwei yn Iens hat sneontemiddei in grutte brân west. Der wiene gjin minsken mear yn de pleats oanwêzich. By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht warskôge dan ek dat omwenners ruten en doarren tichthâlde moasten.
De brân koe troch de hurde wyn fluch om him hinne gripe. Dy wyn makke it foar de brânwacht dreech it fjoer ûnder kontrôle te krijen, mar de minsken fan de brânwacht slaggen dêr úteinlik wol yn.