Jan Smeekens pakt sulver op 500 meter yn Minsk

17 mrt 2018 - 14:26

Reedrider Jan Smeekens fan Snits hat by de wrâldbekerfinale yn Minsk sulver helle op de 500 meter mei in tiid fan 35.07 sekonden. It poadium wie folslein Nederlânsk, mei Hein Otterspeer op it earste plak yn in tiid fan 35.06 sekonden en Ronald Mulder op it tredde plak mei 35.08 sekonden.

Foar de 29-jierrige Otterspeer, dy't him net wist te pleatsen foar de Winterspelen yn Súd-Koreä, wie it syn earste wrâldbekerwinst.

(advertinsje)